Fans fan SC Cambuur ferlieze betrouwen yn prestaasjes

27 feb 2019 - 14:26

De direksje, de trainer en de spilers fan fuotbalklup SC Cambuur yn Ljouwert moatte har folle mear ynspanne om de play-offs te heljen. De direksje is net sichtber genôch en de ekskuzen fan de haadtrainer op de parsekonferinsje binne te foarsisber. Dat stiet yn in krityske brief fan de supporters fan De Kern van Cambuur, oan de direksje, de trainer en de spilers.

Foto: www.orange-pictures.nl

Yn de brief sprekke de Cambuurfans fan grutte soargen oer de sportive prestaasjes. Omgean mei teloarstellingen heart by it libben fan in Cambuursupporter, sa merke de supporters op, mar der soe op it stuit fierstente min bining wêze tusken de klup en de fans.

"We horen alle excuses en uitvluchten maar normaal en logisch te vinden. Dat er nog wekelijks ruim zevenduizend toeschouwers op de tribunes zitten komt door de onvoorwaardelijke clubliefde van deze supporters. Dat kenmerkt onze volksclub, maar de maat is voor ons nu echt vol!", sa falt te lêzen.

De fans wolle no gau in werkenber en stridend Cambuur sjen, op it fjild en yn de uteringen nei bûten ta. "Wij verwachten dan ook van zowel de directie, de technische staf als van de spelers, een enorme inspanning om onze mooie club minimaal een plaats te bezorgen in de play-offs."

Cambuur Ljouwert stiet op dit stuit op in 15e plak, mei 26 punten.

(advertinsje)
(advertinsje)