Polityk kiest foar filla’s en appartemintegebou yn Aldeberkeap

27 feb 2019 - 14:10

Op it eardere Blughutterrein yn Aldeberkeap komme twa keapfilla's en ien appartemintegebou. Dat hawwe de fraksjes yn de gemeente fan Eaststellingwerf bepaald. It plan fan projektgroep 'Wonen op een bult' is dêrmei fan tafel fage.

Foto: ANP

Frans Wuijts fan dy projektgroep wie tiisdeitejûn ferbjustere dat de ried mear oandacht hie foar de kap fan beammen as foar syn wenningbouplan dat in hofke fan 18 hierwenningen ynhâldt.

Hy die foarôfgeand noch syn bêst om de ried te oertsjûgjen fan syn plan troch te wizen nei flaters yn de proseduere. Dat wie lykwols in kânsleaze misje; de fraksje stimde unanym yn mei de plannen fan Daan Zethoven. Dat hâldt neist de twa filla's in appartemintegebou mei seis wenningen yn.

De ried hie ek gjin nocht om mear wurden oan de kwestje smoarch te meitsjen en de 'weloverwogen beslissing' út 2016 werom te draaien. Wuijts tinkt der no oer nei om nei de rjochter te stappen.

It plan fan Zethoven past neffens de PvdA it bêst by de entree fan Alderbekeap. Der steane lykwols al beammen dêr't in kapfergunning foar ôfjûn wurde moat.

(advertinsje)