Haga 8e op list ChristenUnie

Haga
ChristenUnie-steatelid Anja Haga út Ljouwert is sneontemoarn troch it ferkiezingskongres fan har partij op it achtste plak fan de kandidatelist foar de Twadde Keamerferkiezings set. Dat wie ek it plak dat de kieskommisje foar har yn gedachten hie.
De leden hawwe gjin wizigings makke yn de konseptlist. Dat betsjut dat it sittende Keamerlid Cynthia Ortega-Martijn definityf net op de list komt, lykas guon leden woene.