VVD kritysk op eigen deputearre oangeande Cambuur

De steatefraksje fan de VVD is kritysk op de fraach fan de eigen deputearre Kielstra om woansdei 5 miljoen euro beskikber te stellen foar de gebietsûntwikkeling om it nije Cambuurstadion hinne by it WTC. De VVD fynt dat der noch te folle saken net dúdlik binne om in goed beslút te nimmen.
© Bureau voor Widdershoven architectuur en architecten BV
It definitive tasizzen fan de fiif miljoen euro fan de provinsje, is tige wichtich foar bygelyks de gemeente Ljouwert en de oare partners yn it projekt. Dizze partijen wolle dit dan ek sa gau as mooglik fêstlein hawwe.
De VVD hat lykwols noed oer it tempo wêryn't no dit beslút naam wurdt. Benammen om't der noch in soad ûndúdlik is yn it plan. Bygelyks oer de detailhannel dy't al as net by it stadion komt, en hokker effekten as dit hawwe sil op de oare winkelgebieten yn Ljouwert.

Gjin plan sjoen

Dêrnjonken hat noch nimmen yn Provinsjale Steaten it businessplan sjoen, seit fraksjefoarsitter Avine Fokkens fan de VVD. Se freget har ek ôf hoe slutend de begrutting eins is. Cambuur hat sels ek noch net de eigen bydrage fan likernôch 6 miljoen euro byinoar.
Foar elk oar dossier hiene Provinsjale Steaten it beslút naam om it stik werom te nimmen. Mar mei de provinsjale ferkiezingen yn oantocht en de druk fan de gemeente Ljouwert, wurdt der woansdei dochs in beslút naam. De ferwachting is dat de mearderheid yn de Fryske Steaten foar de provinsjale bydrage fan 5 miljoen euro wêze sil.
De totale businesscase is hast 98 miljoen euro. De gemeente Ljouwert hat al besletten 12.648.000 euro beskikber te stellen foar it projekt.
Avine Fokkens fan de VVD yn Provinsjale Steaten