Golfklup Lauswolt yn Beetstersweach is klear foar de takomst

27 feb 2019 - 13:19

Golfklup Lauswolt yn Beetstersweach kin wer sa'n 50 jier foarút. De klup hat in heal miljoen ynvestearre yn in nije driving-range. Dat is in plak dêr't golfers ynslaan en oefenje kinne. It gebou is duorsum boud, mei sinnepanielen op it dak en de range sels is hypermodern.

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Mei in saneamde quad, in spesjaal indoor-oefenterrein, kin der sels sjoen wurde hoe hurd en krekt oftst de bal rekkest. Op 15 maart giet de baan offisjeel iepen.

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Golflearaar Djur den Haan

(advertinsje)
(advertinsje)