FrieslandCampina en Natuurmonumenten wurkje gear foar mear natuer op boerelân

27 feb 2019 - 12:58

In gearwurking fan Natuurmonumenten en FrieslandCampina moat soargje foar mear natuer op boerelân. Boeren dy't har molke fia Campina ferkeapje mei it keurmerk PlanetProof ha tenei te meitsjen mei strangere regels by it produsearjen fan dy molke.

Sa moatte se mear rekken hâlde mei greidefûgels, oare bisten en kwetsbere planten. Natuurmonumenten sil de boeren advisearje oer hoe't se dat krekt dwaan kinne, oarsom sille ek de boeren ynformaasje leverje oan de natuerorganisaasje.

Ko yn de greide - Foto: Shutterstock.com

Beide organisaasjes hawwe woansdei yn Leusden har hanteken set ûnder de gearwurking. Boskwachter Sander Veenstra fan Natuurmonumenten leit út wat syn rol wurdt: "De gewoane molke wurdt sa in stik natuerliker makke. Der komt mear krûderyk lân en der komme mear houtwâlen. De fersterking fan de natuer wurdt dien by de boer sels. En de boeren krije der ekstra jild foar trochdat se oan natuerbehear dogge."

Sander Veenstra fan Natuurmonumenten

Foto: Omrop Fryslân

"Elk pak molke fan FrieslandCampina datst keapest is 'planetproof', want der wurdt wat dien oan natuer. It is in goede stap om de gongbere lânbou te feroarjen, der komt in soad natuer by en dat is ek wer in goede stap foar de greidefûgels."

Bas Roelofs, CEO fan FrieslandCampina

(advertinsje)
(advertinsje)