Brân yn reidfjilden is iuwenâld gebrûk

Yn leechfeangebieten is it yn dizze tiid fan it jier in fertroud byld: brân yn reidfjilden. Bedoeld om fan resten reid ôf te kommen, dy't net brûkt wurde. It giet om in iuwenâld gebrûk, mar net elkenien is der fan op 'e hichte. Dus kamen by de brânwacht de ôfrûne dagen flink wat telefoantsjes binnen fan minsken dy't tochten dat der wat mis wie.
Reek frijkaam troch reidbrân by Snits © Kappers Media
Dat wie moandei sa yn Snits. Dêr waard reid ferbaarnd en de reek gie oer de stêd gie.
"Riet is van belang voor rieten daken, we verpachten veel rietlanden aan rietsnijders", leit Henk-Jan van der Veen fan Staatsbosbeheer. "Die zijn nu actief. Het goede riet snijden ze af, kammen ze en binden ze op in bossen. Wat overblijft, zijn resten en dat afval wordt ter plekke verbrand. De rietlanden zijn vaak nat en je kunt er niet met zwaar materieel komen. En laten liggen is ook geen optie, want dan zit het de snijbeurt voor volgend jaar in de weg."
Neffens Van der Veen ha bisten gjin lêst fan it ferbrânen, om't de measte soarten noch yn rêst binne. "Ook al is het nu warmer, de dieren kunnen schuilen in naastgelegen gebieden."
Minsken yn feangebieten binne wol bekend mei it fenomeen. "Dan is het een vertrouwd beeld, maar woon je in Sneek of Leeuwarden, dan maak je het niet van nabij mee. Dat komt anders over kan ik me voorstellen."
Henk-Jan van der Veen fan Staatsbosbeheer