De Fryske Marren krijt tik op ‘e fingers yn subsydzjekonflikt swimbaden

27 feb 2019 - 12:43

It subsydzjekonflikt tusken de twa swimbaden SwimFun en Gymnasion op De Jouwer hat de gemeente De Fryske Marren in reprimande oplevere. De gemeente joech allinnich subsydzje oan SwimFun, en nét oan Gymnasion.

Swimbad - Foto: Shutterstock

Neffens de Ried hat Gymnasion net de kâns hân om mei te tingjen nei de subsydzje. De regeling fan De Fryske Marren siet sa yn inoar, dat de swimbadsubsydzje automatysk nei SwimFun gie.

De Ried fan Steat seit no dat dit yn striid is mei de lanlike subsydzjeregeleminten. De gemeente wurdt advisearre de regeling oan te passen sadat ek oare swimbaden de subsydzje oanfreegje meie. It gemeentebestjoer sil dan op basis fan alle oanfragen opnij in subsydzjebeslút nimme moatte.

(advertinsje)