Lauwersmardyk foar hast 27 miljoen euro oanpakt

De Lauwersmardyk foldocht net mear oan de feilichheidseasken, en dus is der hast 27 miljoen euro frijmakke om de dyk oan te pakken.
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Ut in toets dy't alle seis jier hâlden wurdt, die bliken dat de hjoeddeistige dyk net mear foldocht oan de easken. It Wetterskip wol dizze simmer al úteinsette mei it wurk oan de Lauwersmardyk. Hjirby sil de hichte net feroarje, mar de lagen om de dyk hinne wol. Op it kaartsje hjirûnder is goed te sjen wat it Wetterskip krekt fan doel is by de dyk.
Njonken de feiligens wol it Wetterskip ek de brûkberens fan de dyk ferbetterje. Bé de Winter fan it deistich bestjoer fan it Wetterskip: "De dijkversterking levert een belangrijke bijdrage aan de veiligheid van onze provincie. Bovendien blijft de dijk groen en kun je er straks over fietsen."
© Wetterskip Fryslân

1100 kilometer oan wetterkearing

De dyk by de Lauwersmar is net de ienige wetterkearing dy't de kommende jierren oanpakt wurdt. Lanlik sjoen sil Rykswettersteat yn gearwurking mei de wetterskippen mear as 1100 kilometer oan dyk opknappe. Ek moatte 256 slûzen en gemalen oanpakt wurde. Hjirfoar is yn totaal 7,4 miljard euro foar reservearre.
It wurk by de Lauwersmardyk moat yn de simmer fan 2021 klear wêze.