Provinsje bestriidt beskuldiging Glasvezel Buitenaf yn glêsfezeloarloch

De provinsje bestriidt de beskuldiging dy't Glasvezel Buitenaf docht fan te hege tariven troch Kabelnoord. Neffens Glasvezel Buitenaf hannelet Kabelnoord yn striid mei de betingsten dy't de provinsje steld hat oan in liening.
© Omrop Fryslân, René Koster
Kabelnoord en Glasvezel Buitenaf sitte al in skoftke yn in stevige konkurrinsjestriid mei-inoar. Se lizze beide in netwurk oan foar har eigen klanten.

Hegere abonnemintstariven

Ferline wike skreau Glasvezel Buitenaf oan de provinsje dat Kabelnoord foar glêsfezelpakketten foar bewenners yn it bûtengebiet fan Weststellingwerf hegere abonnemintstariven rekkenet as foar klanten yn de kearnen. Neffens Glasvezel Buitenaf mei dat net fan de betingsten dy't steld binne oan de provinsjale liening fan 35 miljoen. Se skriuwe: "Op grond van de voorwaarden van de provincie is dit eigenlijk een weigeringsgrond voor het verstrekken van een lening aan Kabelnoord."

Marktkonfoarm en ynteraktive telefyzje

Mar dat sprekt de provinsje dus tsjin. De tariven moatte marktkonfoarm wêze mei tariven yn de rest fan it lân, skriuwt de provinsje yn in reaksje op Glasvezel Buitenaf. Boppedat wurdt yn it bûtengebiet fan Weststellingwerf no ek ynteraktive telefyzje oanbean. Dêr hiene de klanten yn it oarspronklike dekkingsgebiet noch gjin beskikking. Dat betsjut, seit de provinsje, dat de tariven fan Kabelnoord net stridich binne mei de betingsten.