Lemster swimbad sneon ticht

30 jun 2012 - 12:02

Sneon kin der foar it lêst swommen wurde yn it gemeentlike swimbad fan De Lemmer. Nei 40 jier geane de doarren definityf ticht. De reden foar de sluting is de bou fan in nij swimbad oan it strân fan De Lemmer. Omdat dat pas yn septimber klear is, sit De Lemmer dizze simmer twa moanne sûnder swimbad.

En dat is dochs wol spitich, sa fine de fêste badgasten. Sneontemoarn waarden yn swimbad Sudersé de lêste baantsjes lutsen en de lêste 'bommetjes' sprongen.

Trefwurden: 
De Lemmer swimbad ticht swimme
(Advertinsje)
(Advertinsje)