Tenei ek toeristebelesting foar oernachtingen by festivals Ljouwert

27 feb 2019 - 10:40

De festivals yn de gemeente Ljouwert betelje tenei toeristebelesting oer alle oernachtingen dy't echt plakfûn ha. Der wurdt dan sjoen nei de besikers dy't ek betelje foar in kampearplak. De organisatoaren en de gemeente Ljouwert ha dêroer ôfspraken makke.

Psy-Fi festival - Foto: Omrop Fryslân

Ljouwert hat ferline jier de toeristebelesting ynfierd. De festivals Welcome to the Village, Into the Grave en Psy-Fi krigen doe te meitsjen mei in foarse rekken. Yn de priis fan de al ferkochte kaartsjes wie dêr gjin rekken mei hâlden. De gemeente hat de festivals doe foar ien jier frijsteld fan it beteljen fan toeristebelesting.

Foar in 'gewoane' camping wurdt sjoen nei it tal oernachtingen dat plakhat. Foar in festival mei in tydlike camping is dat in stik dreger. Oan de hân fan it tal kaarten mei kampearplak dy't ferkocht wurde, kin no frij maklik in goede berekkening makke wurde. Dat belied slút ek oan by hoe't oare gemeenten dat yn de rest fan it lân dogge.

(Advertinsje)
(Advertinsje)