"Halt hâlde by Thialf te djoer foar NS en KNSB"

De treinen fan de NS hâlde net mear halt by de halte fan iisstadion Thialf op It Hearrenfean. Reden dêrfoar is dat de ferfierder en reedridersbûn KNSB net meibetelje wolle yn de kosten dêrfan. Dat sei deputearre Johannes Kramer woansdei yn de gearkomste fan Provinsjale Steaten.
Halt hâlde by Thialf te djoer foar NS en KNSB
Doe't Steatelid Ynze de Boer fan de ChristenUnie frege wêrom't de treinen net mear de Thialf-halte oandogge, antwurde Kramer dat it 10.000 euro deis kostet as de trein tusken Ljouwert en Swol stil stiet by iisstadion Thialf. Sûnt 2015 wurdt der al net mear halt hâlden by it lytse stasjon.
Busferfierder Arriva is ferplichte om by eveneminten ekstra bussen yn te setten fan it sintrale treinstasjon fan It Hearrenfean ôf. Lang net elkenien is dêrfan op de hichte, jout Kramer ta. Hy sil sjen hoe't de ynformaasjefoarsjenning dêryn better kin.
Foar de NS stappe der te min minsken yn en út om it stasjon rendabel oan te dwaan. As der halt wurden wurdt by stasjon Thialf moatte der tefolle minsken wachtsje op mar in pear passazjiers.
Earder hat de gemeente Hearrenfean oanjûn dat it winsklik is dat de treinen wer stil steane by Thialf, mar dat is fanwege de kosten foarearst gjin opsje.
Deputearre Johannes Kramer