Kollum: "Earlik is ek moedich"

"Der giet in flústering troch in hiele lân. Elkenien huveret der suver fan. Want we binne wer werom yn 1345. De hjoeddeistige Fryske politisy blike ûnferskrokken Grutte Pieren te wêzen. Dy doare alles. Alles! Fryslân is de iennige provinsje dy't in mei-stimwizer krijt. Ja in mei-stimwizer. Witte jimme net wat dat is? Dan stiet der in kear wat te pronk yn de Fryske polityk en jim witte net iens wat it is? Skandalich.
© Omrop Fryslân
De Toan fan Eelke Lok
Jimme wurde fia de sosjale en echte media de kommende wiken teheistere troch ferkiezingsgedoch, grutspraak, nepnijs en loaze beloften. En stimwizers. In stimwizer freget bygelyks oft jimme foar wynenerzjy binne. Dan seit 98% ja. Want hy freget net oft je ek sa'n ding njonken de doar hawwe wolle. Neuh, hy giet gewoan fierder en freget nei it sân by Mirns. Dan seit 60% nee. Moai, dan stimme jimme neffens him op it CDA of de VVD. Noch ien fraach, jimme hâlde mear fan jinsels as fan in oar? Ja. Dan binne jimme VVD-er. Dan seit Maurice de Hond dat in soad lju VVD stimme sille. En wy wolle ek winne, dus stimme we op winners. Dus de VVD wint. Sa wurket dat ûngefear.
In mei-stimwizer is nochal wat oars. Dy sjocht nei wat der ôfrûne fjouwer jier bard is. En wat wy dêrfan fine. Dan krije jimme de fraach: de provinsje hat besluten dat it wetter yn it feangreidegebiet noch mar net tsien sintimeter heger mei, hoewol't elkenien seit dat it wol better wêze soe. Binne jimme it mei dat beslút iens? Nee fansels. Dan falle partijen as FNP en SP, dy't harsels o sa grien skilderje yn de ferkiezingsbeloften, dochs ôf. Mar dat let neat, want ik kin tsientallen saken betinke fan de ôfrûne fjouwer jier en dan lizze alle partijen op 'e dwinger. In mei-stimwizer soarget dus foar in tige lege opkomst.
Sa'n mei-stimwizer, eins in tsjin-stimwizer, hat gjin doel. Utsein dat wy ôfrekkenje mei de bestjoerders dy't wy de ôfrûne fjouwer jier hân hawwe. En dat is no krekt de moed dy't Fryske politisy hawwe. Want se pleegje fansels harakiry. Dat kin net oars. De mei-stimwizer lit sjen wat wy fan it belied fûnen en ik haw mar in hiel lyts bytsje minsken heard dy't it dêr mei iens wiene.
We krije ferdomme in grut wynpark yn see by Makkum en deselde man dy't de Iselmarkust sa moai fynt regelet soks. Daaach Sander. We stride tsjin fersakkingen, mar we krije in boarring by Ternaard. Daaach Michiel. We hawwe in moaie nije Ofslútdyk, mar we kinne it net belibje, want de brêge wol net ticht. Daaach Klaas. De lânbou hat de natuer yn Fryslân ferdreaun. Daaach Johannes. Ja kulturele haadstêd moai, mar wat hat dat in slompe jild koste en inkeld de kroechbaas hat der oan fertsjinne. Daaach Sietske.
Mar dy partijen smite harren der echt net mear út. En sa wurdt de ôfstân tusken polityk en gewoane minsken inkeld mar grutter troch in yn Arnhem betocht spultsje wat net ien doart te brûken. Inkeld wy binne sa ûnnoazel om dermei te boartsjen.
Smyt al dy wizers fuort. Lis je publyk net altyd sa leech dat je hiele simpele fraachjes nedich hawwe om elk in miening ta te skikken. Elkenien is âld en wiis genôch om sels te beslissen wêr't se op stimme. Hâldt ek mar op mei al dy kampanjes. Hawwe jimne se stean sjoen te sjongen op it stasjon yn Ljouwert?
En as se mei dy folderkes by de doar komme wurd ik agressyf, krekt as by Jehova's, Leger of oaren. Ik bin ommers oan it tuseartetriedzjen. En ik wol ek net dat as ik om in pear skuon moat, oanhâlden wurde troch alderhande lju yn griene of reade jaskes. Dy behannelje ik as dy studinten dy't der altyd mei de NRC stean te swaaien. Bliuw fan my ôf.
Debatten en diskusjes is noch wat, al soe 'k de politisy oanriede wolle deryn ris wat dúdliker en foaral earliker te wêzen. We hawwe ús nocht fan paaiferhaaltsjes dy't dochs efterôf net wier blike te wezen. Ja, dat soe de echt wat wêze fan de politike Friezen. De wierheid sizze. Dat soe pas echt moedich wêze."