In 'wyld' Drents-Friese Wold, hoe komt dat dalik?

It wie drok, tiisdeitemiddei by de ynringearkomste oer de takomst fan it Drents-Friese Wold. Neffens RTV Drenthe woene in soad omwenners witte oft se dalik de bosk noch wol yn kinne. Steatsboskbehear en de polityk wolle in part fan it natuergebiet weromjaan oan de wylde natuer.
In 'wyld' Drents-Friese Wold, hoe komt dat dalik?
Yn it nasjonaal park wurde twa stikken fan yn totaal 1.600 bunder weromjûn oan de natuer. Dit betsjut dat bygelyks buordsjes, banken en jiskefetten fuorthelle wurde. Ek sille de rûtes foar kuierders en fytsers ferdwine.
Omwenners binne benaud dat se daliks nearne mear komme meie. Ek organisatoaren fan eveneminten tinke dat it daliks folle dreger is om bygelyks in kuier- as fytsevenemint op te setten yn de bosk.
In soad besikers fan de ynringearkomste wolle witte wat daliks wol en wat krekt net mear mei. De kommunikaasje kin better, sa fine se. "We willen precies weten waar je wel en niet mag komen en wat er in de afgesloten gebieden wel en niet mag", seit ien fan de ruters tsjin in ferslachjouwer fan RTV-Drenthe. "Het is nu een beetje een chaos zo. Overal liggen kaarten, maar ze zijn niet helemaal duidelijk."

It wurdt net minder

De plannen foar it wylde natuergebiet binne ûntwikkele troch de stjoergroep Regionaal Landschap Drents-Friese grensstreek. "We doen dit omdat dit een mooi gebied is waar stilte, de natuur in al zijn facetten aanwezig is, en waarin je dus een volledige natuurbeleving kan hebben. Dat is een van de gebruikswensen die mensen hebben." Dochs hat foarsitter Henk van Hooft ek wol begryp foar de soargen fan de omwenners. "Mensen willen weten wat er gebeurt, en soms zit daar een kritische ondertoon bij."
In beam dy't dalik net mear fuorthelle wurdt © Omrop Fryslan, Jeroen Boersma
De stjoergroep wol besykje om de soargen fan minsken fuort te nimmen, en om mei har mei te tinken oer oplossingen foar bygelyks fytsrûtes dy't daliks net mear mooglik binne. "Het wordt op sommige stukken anders. Wordt het minder? Nee!"
"Het is een vrij gebied, en iedereen kan gaan en staan waar hij zelf wil, en dat blijft ook zo. Alleen op sommige punten worden bordjes weggehaald, en komt het pad net wat anders te liggen."

Te ticht by it doarp

Kempinghâlder Johan Moes út Wapse is ien fan de minsken dy't noed hat oer de 'wylde plannen' fan de stjoergroep. "De plannen zijn al lang bekend, maar de inwoners zijn geschrokken van de grootte van de gebieden waar stilte en ruwe natuur zal gaan zijn." It giet neffens Moes om gebieten dy't flakby doarpen lizze. "Dat is het uitgaansgebied van bewoners en campingbezoekers."
Moes is net perfoarst tsjin de plannen, mar fynt wol dat de útfiering en benammen ek de kommunikaasje oars moat. "Wilde natuur is heel mooi, maar een gebied waar we altijd hebben kunnen recreëren en wandelen dat willen we houden. Als er een ander gebied wilde natuur wordt, dan krijgen ze de handen op elkaar."

Suggestjes wurde meinaam

Alle suggestjes dy't tiisdeitemiddei by de ynrinmiddei dien binne wurde sammele, sa seit de stjoergroep. "Volgende week komen we bij elkaar in de werkgroep en dan nemen we alle opmerkingen mee en gaan we afspraken maken." Moes moat dit allegearre noch sjen, en seit de gong fan saken goed yn de gaten te hâlden. "Ik ben heel benieuwd waar ze mee terugkomen naar de inwoners."
Wurdt dus ferfolge...