Feganistysk iis makke yn Fryslân, mar krekt dêr hast net te ferkeapjen

27 feb 2019 - 07:05

IIsmakker De Jong fan De Gordyk ferkeapet hieltyd mear halal en feganistysk iis. Op dit stuit bestiet de omset sels al foar 15% út de ferkeap fan iis dat fan planten makke wurdt. Yn de Rânestêd rint dat prima, yn Dútslân en Skandinavië ek. Der is ien plak dêr't it allegearre in stik dreger giet en dat is de provinsje dêr't it makke wurdt. Fryslân dus.

Foto: Instagram De Jong IJs

IIsmakker Romke de Jong hat der wol in ferklearring foar, dat krekt yn syn eigen Fryslân de nije produkten net sa goed rinne. "Wy binne hjirre grutsk op de bûter, molke en slachrjemme", sa leit De Jong út.

Fryslân is in provinsje mei in soad melkfeehâlders, en fanút dat prinsipe is it ek in provinsje dy't graach de produkten dêrfan ôfnimt. "It libbet hjir noch net sa, it feganisme, en eins fyn ik dat ek net sa slim. Wy hawwe hjirre in soad kij, en we helje as iisprodusint de molke út de buert."

Nettsjinsteande de Fryske leafde foar it 'gewoane' iis, nimt de populariteit fan dat feganistyske iis wol hieltyd fierder ta. De Jong tinkt sels dat it wolris útrinne kin nei in kwart fan syn totale omset. En krekt dêrom hawwe se de ôfrûne wike nei Dubai west, op de grutste beurs foar iten yn it Midden-Easten. "Wy merke dat de fraach ek dêr omheech giet, as it giet om duorsume produkten."

Foto: Instagram De Jong IJs

Plante-iis

Mar wat is dat no, dat feganistyske iis? "Mei it 'fegan-iis' besykje wy it ferskil tusken gewoan en 'fegan' sa lyts mooglik te hâlden. It is al langer sa, dat as jo iis meitsje fan planten dat je al gau útkomme op iis mei in kokossmaak, amandelmolke as soja. Mar dat ferskil sil op termyn hieltyd lytser wurde", sa tinkt De Jong. "Miskien sels sa lyts datst it hast niet priuwe kinst watst ytst."

Ek by halal iis giet it derom dat der gjin produkten fan bisten brûkt wurde. Dat betsjut dus ek dat der gjin bynmiddels brûkt wurde dy't op de ien as oare wize fan in bist komme.

Allegearre ynnovaasjes, dy't ek yn Dubai positive reaksjes opsmieten. Mar wat iismakker Romke de Jong no sels it leafst yt, dêr is er hiel dúdlik oer: "Ik bin sels in grut foarstanner fan it gewoane iis, mei de folle poarsje sûker."

Harkje hjir nei in petear mei Romke de Jong

(Advertinsje)
(Advertinsje)