Konfettykanon Snits tenei sûnder de tradisjonele konfetty

27 feb 2019 - 06:27

It konfettykanon fan Snits spuitet gjin konfetty mear. Karnavalsferiening De Oeletoeters hat it beslút naam om de papiersnipels net langer mear te brûken om't it foar te folle oerlêst soarge. Yn stee dêrfan komt der tenei skom út it kanon. Kommende sneon sil dat foar it earst barre by de 43ste Karnavalsoptocht fan Snits.

Konfettikanon Snits tenei sûnder konfetti

It idee om oer te stappen op skom komt fan foarsitter Gert Mengerink. Hy siet yn 'e mage mei de kwestje sûnt op hieltyd mear plakken yn it suden fan it lân in konfettyferbod kaam is. Hy is benaud dat dit mooglik yn de takomst ek yn Snits barre sil. En dus socht er nei in alternatyf en kaam by in skomkanon út.

Der komt tenei skom út it konfettikanon - Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Der is al jierren diskusje oer it konfettykanon. Sa klagen benammen winkellju yn de binnenstêd fan Snits oer de konfetty dy't yn de winkels telâne kaam. En ek de gemeente wie der net wiis mei. It oprêden fan de konfetty koste alle jierren mear as tsientûzen euro. Boppedat slagge it net om alles fuort te krijen.

De skom ferdwynt nei in heal oere wer - Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

"Het grote voordeel van het schuim is dat het zichzelf volledig opruimt. We zijn nu aan het testdraaien, maar ik kan je verzekeren dat er over een half uur niets meer van te zien is", sa seit Mengerink. En yndied ferdwynt de skom hiel rap wer. "Bovendien is het volledig biologisch afbreekbaar, dus het is ook nog eens niet slecht voor het millieu."

Neffens Mengerink is it skomkanon in definitive oplossing foar it probleem dat it konfettykanon drige te wurden. "Ik denk niet dat er hier nog iemand over gaat klagen."

Gert Mengerink

Trefwurden: 
Snits karnaval konfettykanon
(Advertinsje)
(Advertinsje)