Provinsje ferlinget it belied foar guozzebestriding oant 2023

26 feb 2019 - 23:15

De provinsje wol it hjoeddeiske belied om de oerlêst fan guozzen op it lân te bestriden, trochsette oant 2023. In mearderheid fan Provinsjale Steaten fynt dat. De oanpak hat yn in winterseizoen fan 2017 op 2018 soarge foar 24 prosint minder skea as earder. Dat is mear as de 5 oant 10 prosint yn it jier dat de provinsje yn it belied fêststeld hat.

Foto: Henk Bootsma

Steatelid Douwe Hoogland

Troch it hjoeddeiske guozzebelied troch te setten oant 2023 komt der rêst yn it drege dossier fan it bestriden fan de guozzen dy't de gewaaksen fan boeren ferniele. Steatelid Douwe Hoogland fan de PvdA hie mei de fraksje Schukking en de SP leaver wollen dat de rintiid fan de Fryske guozze-oanpak oant 2021 trochrinne soe, mei in jierlikse evaluaasje. Minder lang as de provinsje yn 'e holle hat dus.

Hoogland wol mear ynformaasje hawwe as allinnich it feit dat der minder skea is. "Hoe sit it mei it populaasjebehear, hoefolleguozzen wurde der sketten, sokke dingen wolle wy witte." Hy betwivelet oft de skeareduksje fan 24 prosint komt troch it belied fan de provinsje. It kin ek wêze dat boeren troch regeldruk en ûnfrede gjin claims mear yntsjinje by de provinsje, wylst se wol skea troch guozzen ha.

Definitive stimming

Woansdei is de definitive stimming yn Provinsjale Steaten, mar de mearderheid fan de partijen stipet deputearre Johannes Kramer yn syn foarstel om oant 2023 op dizze foet troch te gean. "Ik tink dat we goed evaluearje moatte en as je dat dwaan wolle, moatte je ek in goede perioade hawwe wêryn't dy maatregels goed ta harren rjocht komme."

Deputearre Johannes Kramer

(Advertinsje)
(Advertinsje)