Dit jier mooglik twa 55+ PC's: yn Frjentsjer en yn Balk

Der komme dit jier mooglik twa PC's foar 55-plussers, ien yn Frjentsjer en ien yn Balk. Yn dat lêste plak wurdt de keatswedstriid al sa'n tweintich jier organisearre. De kommisje dy't dat docht wol lykwols ferhúzje nei it Sjûkelân yn Frjentsjer. De keatsferiening fan Balk is it dêr net mei iens en komt no mei in eigen PC.
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
René Anema oan it wurd
Wa is no krekt de baas? "Tweintich jier lyn hat ús earelid Siep Berkepas de PC foar 55-plussers hjir yn Balk krige. Wy organisearje 'm al jierren. It is wol ús PC", seit René Anema fan KV Cannegieter yn Balk.
Yn jannewaris krige de keatsferiening ynienen in mail mei it beslút dat de kommisje ôfskied nimme sil fan Balk. "Wy hawwe besocht om mei de kommisje yn petear te gean. It lestige is dat de foarsitter wol mei ús prate wol, mar net fan de kommisje sels út. Hy krijt sels de kommisje net mei. Hy joech oan dat se eins sinten hawwe wol. Dat soe betsjutte dat wy in flinke kontribúsjeferheging hâlde moatte."
Piet Bosgraaf, foarsitter fan de kommisje 55+
"Wy hawwe it tweintich jier goed nei ús sin hân yn Balk. Dit jier besteane wy 25 jier en yn de tarissings tochten wy: wat soe it moai wêze as we dit jier ek wer yn Frjentsjer keatse koene", leit Piet Bosgraaf, foarsitter fan de kommisje 55+ út.
"As kommisje hawwe wy besletten dat wy it yn Frjentsjer hâlde soene. Doe ha ik noch persoanlik tsjin de sekretaris sein dat der in berjochtsje nei Balk moast. Nei harren reaksje bin ik op eigen inisjatyf derhinne west om te praten." Balk wol dêr lykwols neat fan witte.
Op deselde datum binne der no dus twa keatspartijen foar 55+ organisearre. "As je echt in probleem begjinne te meitsjen, dan kinne wy dat ek. Mar dat wolle wy net. De keatserij krijt dêr in knau fan en dat is net de bedoeling."