Ryk stelt twa miljoen euro beskikber foar it oanpassen fan Fryske bermen

De provinsje krijt goed twa miljoen euro fan it Ryk foar it feiliger meitsjen fan de bermen by de provinsjale diken del. Betingst is wol dat de provinsje sels trijekwart fan de kosten betelje sil. Yn dit gefal is dat dus seis miljoen euro.
© Google Street View
Deputearre Sietske Poepjes is wiis mei de stipe fan it Ryk. "It Ryk hat sein: 'wy wolle jim wol jild jaan, mar dan moatte jim der sels ek wat by dwaan'. Sy jouwe 25 persint en wy moatte 75 persint fan it totale bedrach betelje. Mar it is wol ekstra jild dat we oars net krige hiene", leit Poepjes út.

Wêr is it jild foar bedoeld?

It jild sil brûkt wurde foar it ferbreedzjen en ferhurdzjen fan bermen, it pleatsen fan 'geleiderails', it fuortheljen fan beammen en it oanpassen fan de ynrjochting fan in dyk.
Provinsjale diken dy't as earste oan bar komme, binne de N393 tusken Stiens en Harns, de N359 tusken Boalsert en Warkum, de N358 tusken Fryske Peallen en Holwert en de A7, de N384 tusken Doanjum en Tsjummearum en de N358 tusken Stynsgea en Surhústerfean.
Deputearre Sietske Poepjes
It oanlizzen fan betonplaten wêrtroch't automobilisten net fan de dyk reitsje, sille op in soad plakken nedich wêze. Dan is seis miljoen euro net genôch. "Wy hâlde as provinsjale dykbehearder altyd goed de finger oan 'e pols. In pear jier letter kinne der mear of minder auto's oer in dyk ride en dan moatte der wer oare maatregels naam wurde. Dit is noch mar in begjin."