Omwenners feemerkterrein Snits net bliid mei komst Garden of Dance

Omwenners fan it feemerkterrein yn Snits binne net bliid mei de komst fan it dûnsevenemint Garden of Dance. Dat dancefeest waard de lêste jierren altyd hâlden yn de Snitswike en fûn plak yn de Stedhústún. Dit jier hat it feest lykwols in nije lokaasje: it Feemerkterrein. In groep omwenners hat de hannen no ynienslein en in brief skreaun oan de boargemaster.
De Snitswike begjint altyd mei de tradisjonele floatskou by de Wetterpoarte © Omrop Fryslân
Begjin jannewaris krigen de omwenners in brief fan de gemeente mei it foarnimmen om it evenemint op it feemerkterrein te hâlden. Mar de organisator hat noch gjin fergunning oanfrege, dus it is noch net hielendal besletten. "Yn de brief stiene wol hiel dúdlike dingen en dy wiene de oanlieding foar ús om ûngerêst te wurden. Wy hawwe in gearkomste hâlden mei goed santich minsken", fertelt omwenner Anton van Rooijen.
It terrein is in parkearplak, mar it leit wol middenyn in wenwyk. "Ik wenje sels oan de Westersingel. Oan de foarkant is dan de merke, mar oan de achterkant dan it dancefestival. Wy ha no wat stikken opfrege en dêrút docht bliken dat de gemeente alles út de binnenstêd hawwe wol. Dat betsjut neffens harren eigen opjefte dat der 9.000 man njoggen dagen lang alle jûnen feest hawwe op it feemerkterrein."
Omwenner Anton van Rooijen
Oft it beslút noch te kearen is, wit Van Rooijen net. "It wit net hoe graach de organisator hjirhinne wol. Foar him sil it ek net ideaal wêze. Yn de binnenstêd is de befeiliging en de crowdmanagement goed regele. Mar as it krekt oan de râne fan de binnenstêd komt, dan moat dêr in hiel nij systeem opsetten wurde."
De boargers hawwe noch net mei de boargemaster praat. "We kinne noch neat. Mar it jout wol oan hoe ûngerêst wy binne. Foar 1 april moat de organisator in oanfraach foar in fergunning dwaan. 15 april moat alles rûn wêze en dan komt der noch in foarljochtingsgearkomste."