Al 2.000 stimmen útbrocht op it Fryske wurd foar fagina

26 feb 2019 - 19:37

Fan tiisdeitemiddei ôf koe der stimd wurde foar it Fryske wurd foar 'vagina'. Dat hawwe de Friezen dan ek massaal dien. Yn in pear oeren is der al mear as 2.000 kear stimd. Op it stuit liket 'flomke' favoryt te wêzen. Ek 'slúfke' docht it goed.

Foto: Omrop Fryslân

Dit binne de kânshawwers:

  • Flomke
  • Paradyske
  • Skelpke
  • Slúfke
  • Pompebledsje

Stimme kin hjir.

Stimme kin oant en mei woansdei. It beste Fryske wurd wurdt bekendmakke op de grutte 'Vaginavond' fan IepenUP Live op woansdeitejûn yn Neushoorn yn Ljouwert.

Trefwurden: 
IepenUP fagina vagina
(Advertinsje)
(Advertinsje)