Europeeske Kommisje: "Ynvestearring yn Wynpark Fryslân is gjin steatsstipe"

26 feb 2019 - 19:30

De ynvestearring fan de provinsje yn Wynpark Fryslân is gjin steatsstipe. Dat skriuwt de Europeeske Kommisje yn in brief oan de provinsje. De Europeeske Kommisje hat de saak ûndersocht neidat der in klacht yntsjinne wie.

Foto: Omrop Fryslân

Fierder ûndersyk is net nedich, seit de Europeeske Kommisje, omdat de provinsje genôch ûndersyk dien hat om de merkkonformiteit fan de ynvestearring te ferantwurdzjen. De provinsje stekt 127 miljoen euro yn Wynpark Fryslân oan de Iselmarkust by Makkum.

Der komme yn totaal 89 wynturbines fan 95 oant 120 meter heech dy't goed 320 megawatt wynenerzjy leverje sille. Dat is in grut part fan de 530,5 megawatt dy't Fryslân fan 2020 ôf leverje moat fan it Ryk. Wynpark Fryslân sil ein 2020 of begjin 2021 klear wêze.

(advertinsje)
(advertinsje)