Dochsto ek mei oan it Biltsk diktee?

It Frysk diktee is wierskynlik by eltsenien wol bekend, mar jildt dat ek foar it Biltsk diktee? En hoefolle Biltkers soene dêr in foldwaande foar helje? Dy fraach sil tiisdeitejûn beäntwurde wurde, want dan is it Biltsk diktee.
Biltsk diktee
It diktee wurdt organisearre troch Stichting Bildts Aigene. De Stichting waard op 3 juny 2015 oprjochte en bestiet út trije organisaasjes dy't gearwurkje op it gebiet fan de Biltske taal en kultuer: Stichting Ons Bildt, 't Bildts Dokumintasysintrum en Kemissy Meertalighyd. Dy organisaasjes hawwe allegear in oare doelstelling, in eigen skiednis en eigen frijwilligers.
Dit is de tredde kear dat de wedstriid organisearre wurdt. It diktee wurdt dizze kear skreaun troch Hein Jaap Hilarides. It set om 20.00 oere útein yn MFC 't Beerdhuus yn Sint-Jabik. Foarich jier wie Geke Postma fan Sint-Anne de winner.