Sportoersjoch: Hearrenfean, Epke, Flyers en WK Sprint

25 feb 2019 - 18:34

Alle moandeis sjogge we yn Fryslân Hjoed werom op de Fryske sportprestaasjes fan it ôfrûne wykein. Sportferslachjouwer Roelof de Vries skoot oan.

Sportklup Hearrenfean

De ploech fan trainer Jan Olde Riekerink moast sneon winne fan Fortuna Sittard om foar eefkes út de degradaasjesoargen te wêzen, en dat diene se. It wie in swiere befalling. Nei in 2-0 efterstân waard mei 2-4 wûn troch doelpunten fan Daniël Høegh, Mitchell van Bergen en Sam Lammers (2x).

It is hast 1 maart, en dat soe betsjutte dat 'delegearre bestjoerder' Cees Roozemond by Hearrenfean ferfongen wurdt troch in nije algemien direkteur. Fraach is oft der al in nije algemien direkteur is.

Epke Zonderland

De turner fan 'e Lemmer sette yn Melbourne net in hiel spektakulêre oefening del, mar wûn wol de sulveren medalje op it toernoai om de wrâldbeker.

WK sprint

Dit wykein fûn yn Thialf op It Hearrenfean it WK Sprint plak. By de froulju wie Sanneke de Neeling de grutte ferrassing. Neeling is berne yn Rotterdam, mar rydt foar it Gewest Fryslân.

Letitia de Jong wie de iennige Friezinne dy't aktyf wie op it WK. Hoe hat sy riden?

UNIS Flyers

De iishockeyploech is as earste einige yn de BeNeLeague. Se binne lykwols noch lang net kampioen, mar se binne wol goed yn foarm. Takom freed spylje de Flyers de earste heale finale tsjin Den Haag of Nijmegen.

LDODK

De kuorballers fan De Gordyk binne wer in stapke tichterby de play-offs om it kampioenskip. Se wûnen dit wykein fan KZ en dat is in konkurrint. It wie in spannende wedstriid.

VC Snits, maratonriden en Danny Noppert

De folleybalsters fan Snits binne goed úteinset yn de kampioenspûl. De Snitsers wûnen fan Zwolle.

Maratonreedrider Bob de Vries hat lang om let syn earste oerwinning fan it seizoen helle. Dat barde fier fan hûs, yn Sweden.

Danny Noppert hat yn de heale finale fan it Players Championship in nine-darter smiten. Hy hie it minste tal beurten nedich om 501 út te smiten.

Wedstriid fan 'e wike

De 'Wedstriid fan 'e wike' fynt dizze wike yn Ljouwert plak: De Marathoncup wurdt yn de Alvestêdehal ferriden.

(advertinsje)
(advertinsje)