A7 by Drachten diels ôfsletten troch ûngelok
Op de A7 by Drachten is in ûngelok bard mei trije auto's. It oanwêzige ambulânsepersoniel hat de bestjoerders kontrolearre. It noch net bekend oft en hoefolle minsken der ferwûne rekke binne.
Rykswettersteat hat ien rydstripe ôfsletten. Troch de ôfsetting ûntstie der in file fan trije kilometer yn de rjochting fan Grins.