Drachtster rekket plakje op camping kwyt nei geweldsynsidint

26 feb 2019 - 18:01

In 67-jierrige Drachtster is tiisdei troch de plysjerjochter feroardiele ta in wurkstraf fan 40 oeren ûnder betingst foar mishanneling. Ek rekke de Drachtster syn plakje op in camping by Westergeast kwyt. Hy hat syn caravan ferkeapje moatten.

Kampearje - Foto: Shutterstock.com

De man krige it op 1 septimber foarich jier oan de stôk mei in oare besiker fan de camping, in 81-jierrige man út Rotterdam. Sy soene rûzje ha om harren hûnen. De Drachtster soe de hûn fan de Rotterdammer skopt ha. Dêrnei hat de Rotterdammer de Drachtster treaun. De Drachtster hat de man hurd werom treaun, dêrnei foel de man en rôle hy by de wâl del. De Rotterdammer rekke ferwûne oan syn earm en boarst.

De Rotterdammer easke 30.000 euro smertejild, dat fûn de rjochter wat te mâl en wiisde de man 750 euro smertejild ta.

(advertinsje)