Nei goed tritich jier komt der wer in Frysk wurdboek

26 feb 2019 - 17:54

De Fryske Akademy yn Ljouwert wurket op dit stuit oan in nij Frysk wurdboek. Dat is de opfolger fan it hjoeddeiske wurdboek dat yn 1985 útkaam.

Yn dat wurdboek steane sa'n 30.000 wurden. It nije telt mear as twa kear safolle wurden en betsjuttingen. It projekt kostet oardel miljoen euro en it is de bedoeling dat it oer trije jier klear is.

Nei ferwachting stiet der foar de simmer al in part fan it nije Fryske wurdboek online.

(advertinsje)