Ekstra húsdokterspost yn Ljouwert om húsdokterstekoart op te lossen

26 feb 2019 - 17:40

Yn Ljouwert wurdt in ekstra húsdokterspraktyk iepene om it tekoart oan húsdokters op te fangen. Húsdokterspraktyk MedTzorg sil op 1 april de praktyk iepenje oan it Cambuurplein yn Ljouwert. Mei de komst fan dizze nije praktyk Ljouwert moat de druk op de Ljouwerter húsdokters soarch sterk ferminderje.

Foto: Omrop Fryslân

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust fertelt oer de situaasje

De nije praktyk stiet iepen foar alle Ljouwerters dy't op syk binne nei in nije of oare húsdokter. MedTzorg is in lanlike organisaasje. De gemeente is tegearre mei ferskate soarchynstânsjes op syk nei in oplossing foar de hege druk op de Ljouwerter húsdokters.

Wethâlder Herwil van Gelder "De komst van MedTzorg naar Leeuwarden vermindert niet alleen de druk op de bestaande huisartsen, maar betekent ook een uitbreiding van de dienstverlening voor de groep 'moeilijk plaatsbare bewoners'. We werken daarom graag mee aan de opstart van deze vestiging van MedTzorg en het verbeteren van de verbinding met de wijkteams met huisartsen."

Wachtlist werombrocht

De wachtlist fan minsken dy't op syk binnen nei in húsdokter is mei al de ynspanningen fan de lêste moannen sterk werombrocht. Yn it neijier fan 2018 stiene der noch 500 minsken op de wachtlist, no binne dat der noch 60.

(advertinsje)
(advertinsje)