Noordelijk Film Festival iepene

09 nov 2011 - 21:50

Yn Ljouwert is woansdei de 33e edysje fan it Noordelijk Film Festival begûn. As iepeningsfilm wie 'King of Devil's Island' te sjen, makke troch de Noarske regisseur Marius Holst. It festival duorret oant en mei snein en hopet 25.000 besikers te lûken.

Ien fan de fêste ûnderdielen fan it festival is de striid om de Matad'Or. Dit kear meitsje acht films kâns op de priis, dy bestiet út in bedrach fan 10.000 euro. Dizze edysje is der spesjaal omtinken foar ûnôfhinklike, artistike films út Yndia. En ûnder de namme 'Grieks Gedonder', nimt it festival de hjoeddeiske sitewaasje yn Grikelân ûnder de loep.

 

It Noordelijk Film Festival wurdt hâlden yn De Harmonie, it filmhûs en bioskoop Cinema. Meielkoar binne der 191 films te sjen.

Trefwurden: 
Noordelijk Film Festival
(Advertinsje)
(Advertinsje)