UPDATE: Spoar tusken Wolvegea en It Hearrenfean wer frijjûn
Fanwegen in oanriding mei in persoan wie der foarearst tiisdeitemiddei gjin treinferkear mooglik tusken Wolvegea en It Hearrenfean. De NS meldt dat it spoar yntusken wer frijjûn is. De oanriding wie krekt bûten It Hearrenfean. Wa't der oanriden is en hoe't it mei it slachtoffer is, is op dit stuit net bekend.