Hûs yn Drachten trije moanne op slot fanwegen hannel yn drugs

In hûs oan de Alferhof yn Drachten is troch boargemaster Tom van Mourik fan Smellingerlân foar trije moannen sletten. De boargemaster komt mei de yngreep omdat yn it hûs drugs fûn binne dy't bestimd wiene foar de ferkeap.
© Srfotografie
Troch drugspannen foar in perioade op slot te dwaan wurdt besocht drugskriminaliteit tsjin te gean en de feiligens en leefberens yn wenwiken te ferbetterjen.