350 man op moarnsbrochje Harns

30 jun 2012 - 11:14

It is hast in tradysje yn Harns: it moarnsbrochje yn de Ingelske tún. Elts kin oanskowe oan ien fan de lange tafels op it bolwurk. In fêste datum is der net, want it waar bepaalt. De organisaasje wachtet gewoan op in moaie dei yn juny en dy komt fansels.

It foarútsjoch foar sneon wien poerbêst en sadwaande koene de tafels en banken útklapt wurde. Om 9 oere sieten de earste leafhawwers oan de kofje mei sûkerbôle. Der kamen mei-inoar 350 minsken op ôf, wylst der dekt wie foar 250 man. It iten by it moarnsbrochje wurdt sponsore.

Gasten betelje in bydrage fan trije euro.

(Advertinsje)
(Advertinsje)