PostNL presintearret postsegel fan Flylân, oare Fryske Waadeilannen folgje

26 feb 2019 - 15:52

Flylân is it ûnderwerp fan in twadde postsegel dy't PostNL útbrocht hat fan de Waadeilannen. De segel waard dit wykein oanbean oan boargemaster Tineke Schokker.

De fjoertoer fan Flylân - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

Earder waard der al in postsegel fan Teksel presintearre. De oare eilannen folgje noch: Skylge yn maart, It Amelân yn april en Skiermûntseach yn maaie.

Trefwurden: 
Flylân PostNL postsegels
(advertinsje)
(advertinsje)