Piet: "Alle dagen wurde der rekôrs ferbrutsen"

It kin jo net ûntgien wêze: it prachtige maitiidswaar. Hûswaarman Piet Paulusma fan Omrop Fryslân fansels ek net. "It is fansels tige waarm", trapet Piet in iepen doar yn. "Moandei, tiisdei en woansdei rekôrs, de sinne der folop by: it is unyk foar dizze moanne. Dêr gean al dy rekôrs."
Piet: "alle dagen wurde rekôrs ferbrutsen"
Piet hat der in ferklearring foar dat it sa waarm is: "It komt ek troch de opwaarming fan de ierde, der leit in hegedrukgebiet oer ús hinne, wy hawwe in waarme boppeloft en in súdlike streaming. Dan is it raak. Wy witte it noch fan de ôfrûne simmer, hiene wy no simmer hân, dan hiene wy no rom boppe de 30 graden sitten. No sitte we by de 17 of 18 graden. It binne dagen om fan te genietsjen."

Wiete snie

"It waar bliuwt net hielendal sa. Ik tink dat we yn it wykein dochs in omslach krije nei in westlike streaming. Dat seit al genôch, bytiden rein en miskien takom wike wolris wat wiete snie. Foarearst bliuwt it lykwols maitiid en sitte wy noch oan de waarmte fêst."