Alde toanieldoeken fan de Fryske skilder Abe Gerlsma opdûkt

26 feb 2019 - 15:33

De skilder Abe Gerlsma, dy't yn 2012 ferstoarn is, is foaral bekend om syn Fryske lânskippen, mar no is der ek hiel oar wurk fan Gerlsma opdûkt. It giet om toanieldoeken dy't er yn de jierren 50 en 60 makke ha soe.

Foto: Jan Nauta

By de tariedingen foar harren foarstelling It komt wer foar it ljocht fûnen Aeltje Walsma en Gea Verhaag, de pakesizzers fan kabaretier Klaes Westra, âlde achterdoeken dy't it teäterselskip fan Westra brûkte by optredens.

Klaes Westra wie kabaretier, sjonger en toanielspiler. Hy waard bekend yn de jierren 50 en 60 mei syn 'Selskip Klaes Westra'. No, nei hast 75 jier, ha de pakesizzers al it materiaal lykas ferskes en konferensen fan souder helle en dêr fûn sy ek de twa toanieldoeken dy't Gerlsma spesjaal foar Westra skildere hat. De doeken binne sa'n 3 by 3 meter.

Op dit stuit is der yn Museum Martena yn Frjentsjer de tentoanstelling 100 Jier Abe Gerlsma te sjen. De foarstelling fan de pakesizzers fan Westra is fan april ôf te sjen op ferskate plakken yn Fryslân.

Trefwurden: 
Abe Gerlsma toanieldoeken
(Advertinsje)
(Advertinsje)