HEA! Weevje dogge je net samar even
As boeredochter hat Nely Kerbert-Schermerhorn it weevjen fan mem meikrigen. Nely is no 90 jier en jout yntusken al mear as 45 jier weefles. De measte kursisten binne freondinnen fan elkoar wurden en se diele lok en leed mei elkoar. Bûten it weevjen om meitsje se moaie reiskes mei elkoar.