Syktocht nei it Fryske wurd foar fagina berikt klimaks

De fiif favoriten binne bekend. Fiif dagen lang koene minsken harren beste wurd ynstjoere. Dêrút hat de sjuery fan IepenUP de fiif beste selektearre.
Syktocht nei it Fryske wurd foar fagina berikt klimaks
Wat wurdt it Fryske wurd foar fagina? Dit binne de kânshawwers:
Stimme kin hjir.
Stimme kin oant en mei woansdei. It beste Fryske wurd wurdt bekendmakke op de grutte 'Vaginavond' fan IepenUP Live op woansdeitejûn yn Neushoorn yn Ljouwert.

Skamte weinimme

Marianne Klijnstra en Amarins Geveke fan IepenUP wolle mei de faginanamme-wedstriid besykje de skamte om it ûnderwerp hinne fuort te nimmen.
Julia Bruinsma en Antsje van der Zee fertelle oer de syktocht
De útstjoering fan IepenUP Live De Grote Vaginavond is op woansdei 27 febrewaris te sjen op de Facebookside, website en app fan Omrop Fryslân. De útstjoering set útein om 20:00 oere. De top 5 is op tiisdei 26 febrewaris bekendmakke. It publyk kin oant en mei woansdei 27 febrewaris stimme.