Ferkiezingsposters PvdA yn De Houtigehage bekladde mei Hitlersnorren

26 feb 2019 - 14:49

Yn De Houtigehage binne ferkiezingsposters fan de PvdA bekladde. Op it gesicht fan Henni van Asten, dy't listlûker is foar de wetterskipsferkiezingen, is in Hitlersnor tekene. Op de poster fan Marijke Roskam, dy't by de ferkiezingen foar Provinsjale Steaten listlûker is, stiet neist in Hitlersnor ek in SS-teken.

Ferkiezingsposters PvdA yn De Houtigehage bekladde mei Hitlersnorren

Henni van Asten hâldt kweajonges ferantwurdlik foar it bekladden, neffens har binne der gjin oanwizingen dat ien it echt op har en Marijke Roskam foarsjoen hat.

Neffens Van Asten sille de posters op koarte termyn ferfongen wurde. De partij docht foarearst gjin oanjefte, sjoen it feit dat der útgien wurdt fan in kweajongesstreek.

Foto: Omrop Fryslân

"De minsken dy't dit dien hawwe, hawwe yn elts gefal net goed oplet by maatskippijlear op skoalle. De ferwizing nei fassisme en de oarloch is fansels net passend en kin gewoan net. Ik wit net oft dy minsken wol witte wat se dogge mei dit soart grapkes", seit kommissaris fan de Kening Arno Brok.

De buorden stean yn gemeente Smellingerlân. "It is gemeentlik belied om te bepalen hoe't se dermei omgean sille. Ik hoopje gewoan dat minsken op in oare wize kreatyf wêze wolle."

Kommissaris fan de Kening Arno Brok

(Advertinsje)
(Advertinsje)