Achtkarspelen bliuwt striden tsjin oergewicht ûnder jongeren

26 feb 2019 - 14:25

Achtkarspelen bliuwt trochgean mei it oanpakken fan oergewicht ûnder jongeren. Yn de gemeente rint sûnt septimber 2016 it projekt Jongeren Op Gezond Gewicht (JOGG) en dat duorret yn elk gefal noch oant 2021. Dat makke it kolleezje fan boargemaster en wethâlders tiisdei bekend.

Sportstrûs-yn De Fûgelkamp op De Harkema - Foto: Atze H. van der Ploeg

It persintaazje oergewicht ûnder bern fan fjouwer oant tolve jier leit yn Achtkarspelen heger as it gemiddelde yn Fryslân. Wat fierder opfalt, is dat Achtkarspelen mei it sporten en bewegen wol mei it Frysk gemiddelde meikomt, mar by sûn iten opfallend leger skoart.

It grutste ferskil sit yn it elke dei iten fan griente, seit de gemeente. Dit is de ôfrûne trije jier al mei trije prosint omheech gien, mar it leit noch wol fier ûnder it gemiddelde yn Fryslân. It iten fan fruit (njoggen prosint) en it drinken fan wetter (trettjin prosint) is neffens 2015 wol foarútgien.

De kommende perioade sil yn Achtkarspelen it belang fan it iten fan grienten ûnder de oandacht brocht wurde. 'Groente, zet je tanden erin!' wurdt it tema fan de JOGG-kampanje.

Trefwurden: 
Achtkarspelen oergewicht
(Advertinsje)
(Advertinsje)