KPN wiziget frekwinsje telefyzjekanaal Omrop Fryslân op Digitenne

26 feb 2019 - 13:26

KPN hat tiisdei it oanbod fan etertelefyzje fia Digitenne yn Fryslân omset nei in nije útstjoertechnyk, wêrmei't it mooglik is de kanalen yn HD-kwaliteit oan te bieden. Dat hat gefolgen foar minsken dy't fia Digitenne telefyzje sjogge. Minsken dy't in âld kastke fan Digitenne ha en net betelje foar in abonnemint, kinne net langer publike omroppen en Omrop Fryslân ûntfange.

Digitenne fan KPN - Foto: ANP

Minsken dy't wol in abonnemint fia KPN ha, krije automatysk in nij kastke, mar minsken dy't bygelyks sels earne in kastke kocht ha, kinne fan tiisdei ôf neat mear ûntfange. KPN jout op harren eigen webside útlis oer de feroaring.

Wat is der oan de hân?
KPN stapt oer nei in HD-sinjaal foar in hegere byldkwaliteit. It âlde Digitenne-kastke stjoert noch út op in lege kwaliteit en dêrom is in nije decoder nedich. Minsken dy't betelje foar Digitenne krije dy automatysk thústastjoerd, mar minsken dy't dat net dogge, kinne fan tiisdei ôf gjin publike omroppen mear ûntfange, wêrûnder Omrop Fryslân.

Is dit ek op te lossen?
Wa't gjin betelle abonnemint hat, kriget gjin nij kastke fan KPN en moat sels aksje ûndernimme. Neffens KPN kinne de minsken dy't noch wol nei de publike omroppen en Omrop Fryslân sjen wolle, it bêste sels nei de elektroanikawinkel gean om in nije decoder te keapjen.

Hoe kin ik oars nei Omrop Fryslân sjen?
Hast noch gjin nije decoder mar wolst wol graach nei Omrop Fryslân sjen? Dat kin fansels altyd fia Omropfryslan.nl en de Omrop-app.

Trefwurden: 
Omrop Fryslân KPN Digitenne
(Advertinsje)
(Advertinsje)