PVV-fragen oer 'fiere reizen'

30 jun 2012 - 10:45

De steatefraksje fan de PVV wol opheldering oer de bûtenlânske reizen fan it kolleezje fan deputearre steaten en provinsjale amtners. Dit dogge se nei oanlieding fan in publikaasje yn wykblêd Elsevier. Neffens ûndersyk fan it tydskrift hawwe sûnt 2004 sa'n 18 Fryske bestjoerders nei Ruslân, Brazilië, India en Sina reizge.

De PVV is ferwûndere dat der net of mar kwalik ferantwurding ôflein is oer dizze reizen. Se wolle dêrom no útlis hawwe oer it wat en wêrom fan dizze reizen.

(advertinsje)