Hûseigeners Hearrenfean krije makliker liening foar oanpakken fersakke fundearring

26 feb 2019 - 12:22

De gemeenteried fan Hearrenfean slút him oan by in fûns dêr't húseigeners in berop op dwaan kinne as de fundearring fan har hûs fersakket. Gemeente Hearrenfean is ien fan de 80 oant 90 gemeenten yn Nederlân dêr't dit probleem spilet.

Foto: ANP

It meitsjen fan in fersakke fundearring kostet sa'n 50.000 oant 100.000 euro it hûs. By in bank is it dreech om it nedige jild te lienen. No't de gemeente har offisjeel by it fûns oanslút kin in liening dêr wol ôfsletten wurde. It oansluten by it fundearringsfûns is in inisjatyf fan de PvdA yn Hearrenfean, dêr't de gemeenteried moandeitejûn mei akkoart gien is.

(advertinsje)
(advertinsje)