Wat is der bard mei it jild fan de donearaksje fan Dirk Baron?

Nea earder waard der sa'n dúdlike fergeliking makke tusken in MRI-scan fan de harsens mei de sykte fan Alzheimer fan foar en nei it ferstjerren. En dat is allegear te tankjen oan ús ferstoarne Omrop-kollega Dirk Baron. Tiisdei is it presys in jier lyn dat Dieke Broersma, de frou fan Dirk, en har famylje de sjek fan 17.000 euro oerlange oan Alzheimercentrum Amsterdam, ûnderdiel fan Amsterdam UMC. In pear moanne dêrfoar hat Dirk syn harsens donearre oan de wittenskip fia de Nederlandse Hersenbank. In jier letter sjogge wy mei harren werom op wat der oant no ta ûndersocht is.
© Omrop Fryslân
Ien fan de saken dêr't jild yn stutsen is, is it ûndersyk wêrby't in MRI-scan makke wurdt nei it ferstjerren. Mei dit ûndersyk hoopje de ûndersikers dat wat sy ûnder de mikroskoop sjogge, fertale te kinnen nei de scan. Hoe ferlykber de MRI-scan nei it ferstjerren is mei dy fan foar it ferstjerren is ûnbekend.
In pear dagen foar syn ferstjerren hat Dirk in besite brocht oan it Alzheimersintrum om ûnder oare in harsenscan meitsje te litten. Dizze scan is noch ris dien neidat Dirk ferstoar. Hjirtroch koene de ûndersikers de twa harsenscans mei elkoar ferlykje. "Er zat een korte tijd tussen zijn scan en het moment dat hij overleed", fertelt ûndersykster Baayla Boon. "Er zijn geen andere factoren buiten de dood, zoals verlies van hersenweefsel, die onze resultaten kunnen beïnvloeden. Hierdoor kunnen we de effecten van de dood op verschillende MRI maten bestuderen."
De konklúzjes fan dit ûndersyk wurde hast publisearre en hjirtroch soe it ferrin fan de sykte better foarsein wurde kinnen op basis fan in MRI scan. Der is noch nea earder sa'n fergeliking makke seit Boon. "Dit onderzoek is uniek en daar zijn wij Dirk zeer dankbaar voor."
Dit onderzoek is uniek en daar zijn wij Dirk zeer dankbaar voor.
Undersiker Baayla Boon

Mear dúdlikheid oer kenmerken demintens

Dêrneist is der ûndersyk dien nei de opheappingen fan it Alzheimer-aaiwyt yn de harsens fan Dirk. Dizze opheappingen binne spesifyk foar demintens troch de sykte fan Alzheimer. Der binne ferskate typen fan opheappingen. Dirk hie in type dat faker sjoen wurdt yn pasjinten dy't betiid de sykte fan Alzheimer krije. "We zijn dit type van Dirk en andere types aan het onderzoeken. We willen weten hoe het kan dat er verschillende types zijn. Hiermee hopen we er achter te komen welke factoren meespelen in het ontstaan van de ziekte. Dit zou uiteindelijk iets kunnen betekenen voor de behandeling van de ziekte."

Dieke: grutsk op wat Dirk dien hat

"Ik ben nog elke dag heel trots op en dankbaar voor wat Dirk gedaan heeft. Dat hij ondanks zijn ziekte en naderende overlijden nog steeds iets positiefs wilde brengen. Voor hemzelf was het te laat, dat wist hij, maar hij deed het voor al die andere mensen die ooit met deze ziekte te maken krijgen. En wat is het mooi dat hij een verschil kan maken. Daarbij ben ik ook nog steeds al die mensen dankbaar die destijds geld gedoneerd hebben. Ook dankzij hen kan dit onderzoek gedaan worden. Dat is echt heel veel waard. Hoe mooi zou het zijn als deze ziekte ooit gestopt kan worden?"

Dirk Baron

Kollega Dirk Baron is op 28 novimber 2017 op 37-jierrige leeftiid ferstoarn. Dirk hie de sykte fan Alzheimer. Hy begûn yn 2002 op de radioredaksje fan Omrop Fryslân as redakteur/ferslachjouwer. Troch de jierren hinne ûntwikkele hy him hieltyd mear as sjoernalist en radiomakker en wie in oanwinst foar de nijsredaksje. Dirk wie sosjaal, hie in protte humor, reagearre bytiden ûnfersteurber en makke tusken noas en lippen troch skerpe en rake opmerkingen.
Mar ien ding wie foar him dúdlik. Hy woe net deselde gong gean as syn heit. Dy hie ek op jonge leeftiid de sykte fan Alzheimer krigen en dy ûnderfining wie foar Dirk traumatysk. Hy moast sels bepale wêr't syn grins wie. En dat moast foardat de sykte him oer de grins fan selsbeskikking brocht. Want dan wie it te let en soe hy net mear wilsbekwaam wêze en wie eutanasy net mear mooglik. Dirk hat syn kar by folle ferstân makke. In ûnmooglike kar, mar tagelyk ek net te leauwen sterk en dapper.
Sybren Terpstra, einredakteur Omrop Fryslân

Dokumintêre

Yn septimber 2017, op de Wereld Alzheimer Dag, wie der by de Omrop in dokumintêre te sjen oer Dirk Baron en syn sykte. Yn dy dokumintêre, makke troch Murk Jaep van der Schaaf, wie hy tsjinoer ferslachjouwer Raynaud Ritsma hiel resolút. "As ik yn de buert fan de grins kom dat ik net mear sels oer myn wil beskikke kin, dan wol ik dat der eutanasy tapast wurdt. Ik wol net dat wat my mei myn heit oerkommen is, ek myn bern oerkomt."