Twa rekôrs by 'Help pake en beppe de vakantie door'

26 feb 2019 - 11:52

It evenemint 'Help pake en beppe de vakantie door' hat dit jier in rekôrtal besikers lutsen. It giet om 22.000 minsken. Der diene 42 Fryske ynstellingen mei. Dat binne trije mear as yn 2018 en ek dat is in rekôr.

Foto: Museumfederatie Fryslân

By it evenemint yn 'e foarjiersfakânsje kinne bern fergees nei in museum as se begelaat wurde troch in pake of beppe. 'Help pake en beppe de vakantie door is in inisjatyf fan Museumfederatie Fryslân. It gie om de 18e edysje fan it evenemint.

(Advertinsje)
(Advertinsje)