Panhuysen krijt Bennerpriis

Keunstner Paul Panhuysen hat freed yn it Fries Museum de Gerrit Bennerpriis krigen. De komponist en byldzjend keunstner wurdt ûnderskieden foar syn hiele oeuvre.
Hy krijt de priis fanwege syn bydrage oan it Fryske keunstklimaat yn de jierren sechtich. Hy wie doe direkteur fan de Vredeman de Vriesakademy en aktyf yn keunstnerskollektyf de Bende van de Blauwe Hand. It Fries Museum is dit wykein foar it lêst iepen op de âlde lokaasje oan de Ljouwerter Turfmerk.