Kraantje Pappie op Befrijingsfestival Ljouwert

26 feb 2019 - 11:23

Kraantje Pappie is op 5 maaie it haadoptreden op it Befrijingsfestival yn Ljouwert. De Grinzer rapper is troch it Nasjonaal Komitee beneamd ta lanlik Ambassadeur fan de Frijheid, tegearre mei sjongeres Maan en DJ Sam Feldt.

Foto: ANP

Kraantje Pappie sil op fiif lokaasjes yn Nederlân optrede. Neist Ljouwert is hy ek te sjen op it Befrijingsfestival yn Grins, Almere, Amsterdam en Utrecht. De 32-jierrige rapper, dy't eins Alex van der Zouwen hyt, fynt it in grutte eare dat er keazen is ta ambassadeur. "Ik zou in deze functie weleens goed met mijn neus op de feiten willen worden gedrukt, de realiteit zien van wat vluchtelingen of oorlogsslachtoffers meemaken. Ik wil iets gaan zien dat ik nog niet ken en wat ik nog niet eerder ervaren heb. Als mens leer je daar van en ik hoop mijn publiek weer mijn ervaring door te kunnen geven."

It Befrijingsfestival op it Oldehoofsterkerkhof yn Ljouwert begjint 5 maaie om 13.00 en duorret oant 23.00. Kraantje Pappie sil mei in helikopter reizgje. It is noch net bekend hoe let de artyst yn Ljouwert is.

(Advertinsje)
(Advertinsje)