Kollum: "Stille earmoede"

"Wy sieten by ús heit en hiene it oer eartiids. Hy is hûndert jier, dat hy hat in hiele protte eartiids. Dy goede, âlde tiid, sa't der wol gauris oer praten wurdt, hat neffens him noait bestien. Fansels, de mienskipssin wie grut. Minsken besochten inoar troch de tiid te helpen, want elkenien siet yn itselde skip. Mar it heucht him goed hoe't er as bern meimakke dat âlde minsken te biddeljen giene. By it tsjuster: de skamte wie grut."
© Omrop Fryslân, Joris Kalma
De Toan fan Willem Schoorstra
"Yn dy tiid wiene der gjin sosjale foarsjenningen, gjin pensjoen. As sokke âlde minsken by grutboeren kamen, waard faak de doar net iepen dien. Oft se wat krije koene, kaam dat op in brijsleef te lizzen dy't harren troch it hinnegat tastutsen waard. De winters wiene altyd it dreechst. Jild foar 'branie' wie der net, dat de earme lju ferrekten fan 'e kjeld. Mei syn ferhalen sketst er in byld fan grutte earmoed. Dat kloppet, want Fryslân wie yn de 19e iuw en it begjin fan de 20e iuw de earmste provinsje fan Nederlân. It is net om 'e nocht dat it sosjalisme hjir maklik woartel skeat, troch tadwaan fan minsken as Piter Jelles Troelstra en Domela Nieuwenhuis.
Us heit syn konklúzje wie dan ek dat it hjoed-de-dei folle better is. Dêr hat er gelyk oan. Tagelyk is it ûnmiskenber dat it ferskil tusken draachkrêftich en net draachkrêftich de ôfrûne jierren wer grutter wurden is. Nederlân is in ryk en woltierich lân. It is ek it lân dat in dei fan de stille earmoede hat. Hieltyd mear minsken moatte út need nei de 'voedselbank'. Ast âld bist, krekt dyn partner ferlern hast en allinne AOW krigest, ast te lijen hast fan in groanyske oandwaning of ast as jongere sûnder wurk allinne yn in sigerich flatsje sitst, hast earmoede.
Soks wurdt stille earmoede neamd. Om't dy't it treft harren net opponearje. Ut skamte, en ek omdat se faak gjin pc of mobyl mei ynternet ha. Digitale mooglikheden om jin te oriïntearjen op wat eventueel kin, binne dêrmei útsluten. Dêr komt, neffens de lêste berjochten, de ûndeskundichheid fan professionals noch by. It leverjen fan maatwurk blykt dreech te wêzen.
De WMO, de Wet Maatschappelijke Ondersteuning, wurdt faak net goed tapast. Kliïnten krije sadwaande te min of hielendal neat. Dus moatte se harren scootmobyl ynleverje of harren deibesteging ôfsizze omdat se de eigen bydrage net mear betelje kinne. Wylst it wol moat, gean se net nei it sikehûs om't it eigen risiko te heech is. Dat is stille earmoede.
Mantelsoargers en minsken dy't yn de thússoarch wurkje, meitsje soks fan tichtby mei. Dat minsken op bêd lizzen gean om op elektrisiteit te besparjen. Of net mear nei famylje reizgje fanwegen de reiskosten. Rutte kin noch sa lûd roppe dat wy der mei ús allen op foarútgean, de realiteit is hurder. It part fan de befolking dat it al dreech hat, sil it noch dreger krije troch de gâns hegere enerzjyrekken en de djoerdere boadskippen. Jo hoege gjin professor te wêzen om te witten dat sokke ferhegingen ta ûnrêst en ûngeregeldheden liede.
Nederlân is in ryk lân. Allinne de ferdieling dêrfan sil oars moatte. Ik wol letter nammentlik net de ferhalen fertelle dy't ús heit fertelt."