Auto oer de kop by Kimswert

30 jun 2012 - 09:59
Foto: Foto: Rudy Bouma/112SWF.nl

Op de dyk tusken Kimswert en Harns is sneontemoarn in auto oer de kop slein. Dêrby binne de twa ynsittenden ferwûne rekke. It is noch net dúdlik hoe't de bestjoerder fan de dyk rekke is. De auto bedarre mei de noas yn de feart neist de dyk. De traumahelikopter is nei Kimswert flein om help te ferlienen. Beide slachtoffers binne mei de ambulânse nei it MCL yn Ljouwert brocht.

Trefwurden: 
ûngelok Kimswert
(Advertinsje)
(Advertinsje)