Fochtelerfean rint leech; Natuurmonumenten siket jild foar oplossing

26 feb 2019 - 08:39

Natuurmonumenten siket finansiering foar in oplossing om it leechrinnen fan It Fochtelerfean te kearen. Wannear't der neat bart, feroaret it gebiet yn Drûchtelerfean, seit boskwachter Marjan Dunning.

Fochtelerfean rint leech; Natuurmonumenten siket jild foar oplossing

It Fochtelerfean blykt lek te wêzen en dêrom liedt Natuurmonumenten de needklok. In tal dammen is lek en dêrtroch rint it wetter fuort. Dat hat ta gefolch dat it fean folle flugger ferdwynt as earder tocht. Der komt in soad CO2 frij en seldsume planten ferdwine.

It Fochtelerfean leit folle heger as it omlizzende gebiet. Dêrom moat in systeem fan 77 kilometer houten damwanden it reinwetter yn it gebiet hâlde. Troch in te leech wetterpeil is it fean dat de damwanden ôfduts, ferdrûge en it hout ferrotte.

Yn de kearn fan it Fochtelerfean is in daam oer in lingte fan 120 meter fersakke, wêrtroch't it wetter fuortstreamt en it wetterpeil tritich sintimeter te leech stiet. Dizze wike wurdt it grutste lek tichtmakke. Om problemen yn de takomst te foarkommen, siket Natuurmonumenten nei finansiering foar in duorsume oplossing fan it probleem.

Klimaatbom

In bykommend probleem is dat troch it útdrûgjen in soad CO2 frijkomt. Natuurmonumenten hat it oer in klimaatbom. Yn it feangebiet leit fiif megaton oan CO2 opslein.

Foto: ANP

Fean ferdwynt as it oan de lucht bleatsteld wurdt. Dat proses hjit oksidaasje. It fean wie iuwenlang 'luchtticht ynpakt'. Wannear't de wetterstân sakket en de grûn ynklinkt, komt it fean oan de lucht. It giet in ferbining oan mei suerstof en it fean giet dan as CO2 de loft yn. Feangreidegebieten ferdwine yn in rap tempo.

Troch oksidaasje einiget dy CO2 yn de atmosfear en dat draacht wer by oan de klimaatferoaring. De slimste plakken wurde no oanpakt, mar neffens Natuurmonumenten moat de rest fan de damwanden ek opknapt wurde. "Wannear't wy neat dogge, sil it Fochtelerfean feroarje yn Drûchtelerfean", seit Dunning.

It Fochtelerfean is ien fan de lêste heechfeangebieten yn Nederlân en fanwege de bysûndere natuerlike gebieten oanwiisd as Natura 2000-gebiet.

(Advertinsje)
(Advertinsje)